File troch autobrân op A7

27 maaie 2013 - 10:17

De brânwacht fan De Jouwer moast moandeitemoarn yn aksje komme foar in autobrân op de A7. Dit wie by de ôfslach Boarnsweach. De auto rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn brân op it stik dyk fan De Jouwer yn de rjochting fan It Hearrenfean. Dat soarge yn de moarnsspits foar inkele kilometers file.

Trefwurden: 
file autobrân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)