Hempenius ferrast yn Berltsum

26 maaie 2013 - 17:41

De frije formaasjepartij foar froulju yn Berltsum is snein ferrassend wûn troch Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga. It trio dat dit jier foar it earst op haadklassenivo útkomt, wûn yn de finale mei 5-3 en 6-4 fan Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra.

Yn de striid om de tredde priis wiene Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra mei 5-4 en 6-6 te sterk foar Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)