Drankrider botst op auto

26 maaie 2013 - 13:31

Sneintemoarn betiid rekke in Frjentsjerter (22) op de Ljouwerterwei yn syn wenplak fan de wei ôf. De man botste tsjin in pear pealtsjes en kaam tsjin in parkearde auto ta stilstân.

De bestjoerder klom sels út syn auto en rûn fuort mei ferwûnings oan de holle. Tsjûgen joegen dit troch oan de plysje, dy't de man justjes letter oanhâlde koe. De man waard fanwege syn ferwûnings nei it sikehûs brocht. Yntusken waard ek dúdlik dat de man drank hân hie en dêrom waard ek in bloedproef by de man dien.

Trefwurden: 
drankrider botsing ferwûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)