Starumer mislediget plysjes

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In man út Starum (20) hat sneontenacht in proses-ferbaal krigen, omdat er plysjeminsken misledige. Dy rieden op de fyts troch de Tinholtstrjitte yn Koudum en seagen dat in pear minsken spul mei-inoar hiene. Ien fan de oanwêzigen treau in plysjeman hast fan de fyts.
Doe't de man oanhâlden wurde soe, skold er de plysje út en fersette hy him bot. Lang om let is de Starumer yn de boeien slein en ôffierd.