KNSB stelt iisbaanbeslút út

25 maaie 2013 - 19:14

De KNSB hat sneon besletten om it definitive beslút oer de topsportlokaasje út te stellen oant 8 augustus. De KNSB hat besletten dat de trije plannen foar de iisbanen trochrekkene wurde moatte troch ûnôfhinklike akkountants.

Neffens KNSB-foarsitter Doekle Terpstra giet it om grutte belangen. Hy wol dêrom maksimale soarchfâldigens en sekerheid en net oer ien nacht iis gean. De KNSB ûnderstreke dat der noch gjin definitive kar makke is. In advyskommisje fan de KNSB spruts earder syn foarkar út foar it Icedômeplan yn Almere.

It rapport oer dat advys lekte ôfrûne moandei út. Der kaam ek in bysûnder soad krityk op, benammen út Fryslân. De KNSB wol no foar elts fan de trije plannen mear sekerheden en garânsjes sjen. Foarsitter André Bolhuis fan sportkoepel NOC*NSF hat witte litten dat er it iens is mei it beslút fan de KNSB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)