Weening opnij sterk yn Giro

25 maaie 2013 - 17:19

Hurdfytser Pieter Weening hat him sneon opnij sjen litten yn de Ronde fan Italië. Yn de foarlêste etappe hie de Harkyt in haadrol doe't er 19 kilometer foar de ein ûntsnapte út it peloton. De lêste klim yn de 20e etappe oer 211 kilometer waard Weening lykwols te machtich. Mei noch 6 kilometer te gean moast er belies jaan.

De winst gong nei rôzetruidrager Vincenzo Nibali, dy't dêrmei ek wis is fan de einoerwinning yn de Ronde fan Italië. De 20e etappe waard dominearre troch it minne waar, mei snie en temperaturen ûnder it friespunt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)