Talant-optocht mei jiskeweinen

25 maaie 2013 - 15:05

De kliïnten fan soarchynstelling Talant sjogge der it hiele jier nei út. Sneon wie it wer safier; de jierlikse optocht yn frachtweinen en jiskeweinen fan Omrin en plysje-auto's troch Fryslân. Mear as hûndert minsken hiene sneon yn alle gefallen de dei fan har libben.

85 weinen ride yn de stoet mei. Sjauffeurs en organisaasje, eltsenien wurket frijwillich oan de ekskurzje mei, want it doel is in leuke dei. It wie sneon de tredde kear dat Omrin en Talant dit sa organisearren.

Trefwurden: 
Talant jiskewein truck
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)