Minder hike & bike as tocht

Der is in minder belangstelling foar de Hike & Bike Tour as de organisaasje ferwachte. Dat seit projektmanager Thomas van Gaal. Sneon wiene der goed 300 kuierders en fytsers dy't oan de ferskate tochten meidiene, mar de ferwachting wie dat der wol mear as tûzen belangstellenden meidwaan soene.
De Hike & Bike Tour is in inisjatyf van The Milk Story en Friesland Beweegt. Op dizze dei kinne dielnimmers meidwaan oan kuier- en fytstochten lâns ferskate buorkerijen by Warkum.
It doel is om de fytsers en kuierders in goed byld te jaan fan de moderne feehâlderij. De toer wurdt dit jier foar it earst yn Fryslân organisearre. It doel is dat it evenemint letter ek yn oare provinsjes hâlden wurdt.