Drachtster dielt klappen út

25 maaie 2013 - 13:34

In 22-jierrige Drachtster is freedtenacht oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De plysje waard warskôge dat der spul wie op it Kiryat Onoplein. De plysje seach in man fuortdraven. It bliek te gean om it 15-jierrige slachtoffer út Drachten.

De jonge fertelde dat er klappen krigen hie fan in ûnbekende man. Mei help fan in tsjûge koe de 22-jierrige Drachtster as fertochte oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
mishanneling klappen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)