Oanhâldings foar strjitrôf

Plysje-embleem © ANP
In man út Burgum en in frou út Ljouwert binne freedtemiddei oanhâlden nei in strjitrôf. Yn de Korfmakkerstrjitte yn Ljouwert waard in 36-jierrige Ljouwerter berôve fan syn jild, De man krige dêrby klappen.
Nei ûndersyk hie de plysje gau yn de gaten wa't de fertochten wiene. De 49-jierrige man en de 50-jierrige frou waarden justjes letter oanhâlden yn Burgum.