Kearmuorre Flylân even ticht
De kearmuorre op Flylân hat tongersdei in heal oerke ticht west. De kearmuorre wurdt brûkt om it wetter bûten it doarp te hâlden. It wetter komt lykwols sa heech net as earst tocht waard en dêrom is de kearmuorre allinnich mar sletten om te oefenjen.
Foar de toeristen wie it in moai fersetsje en Rykswettersteat wit dat de kearmuorre prima wurket.