Sven en Epke stypje Thialf

De advertinsje fan Sven Kramer en Epke Zonderland
Yn in advertinsje fan in hele side yn De Telegraaf fan sneon litte Sven Kramer en Epke Zonderland wite dat se fjouwerkant achter Thialf stean. De twa Fryske topsporters fine dat mei in nij Thialf It Hearrenfean it sintrum fan it topreedriden yn Nederlân bliuwe moat.
'Laat deze gouden kans niet lopen', is de tekst fan Olympysk kampioen Zonderland ûnder de advertinsje. Kramer syn tekst is 'Geen compromissen, dat past niet in topsport'. Mei de advertinsje reagearje Kramer en Zonderland op de foarkar fan de KNSB foar Almere.
Sûnt it rapport oer de foarkar foar Almere útlekte binne in soad aksjes foar Thialf op gong kommen. Op Facebook begûn Tilburger Peter van Gool mei de aksje 'Thialf moet blijven'. In ynternetpetysje is al troch mear as 10.000 minsken ûndertekene. Der is sneontemiddei yn Utert in ekstra oerlis oer de kar foar de lokaasje fan it Nederlânske topreedrydsintrum. It deistich bestjoer fan de KNSB fan foarsitter Doekle Terpstra wurdt dan bypraat troch de beoardielingskommisje en advysburo Hypercube, dat de proseduere begeliedt.