Mear misdied yn Fryslân

25 maaie 2013 - 08:56

Neffens de jierlikse misdiedmonitor fan it Algemeen Dagblad wint de misdied terrein yn Fryslân. Ferline jier wiene de seis feilichste gemeenten Fryske gemeenten, no steane der by de feilichste tsien gemeenten noch mar twa Fryske nammen. Littenseradiel is noch wol altiten de feilichste gemeente fan Nederlân.

Ljouwert, Skylge en Harns binne yn Fryslân de gemeenten mei de measte kriminaliteit. De lanlike trend is dat it feiliger wurdt. Benammen it tal oerfallen en auto-ynbraken is fiks werombrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)