Mear bern yn wettertechnology

24 maaie 2013 - 18:11

Mear bern moatte kieze foar in karriêre yn de wettertechnology. Dat fine wettertechnologysintrum Wetsus en it Fries Natuermuseum. Ljouwert is de sels-beneamde haadstêd fan de wettertechnology, mar der binne noch hieltyd te min jongeren dy't kieze foar in baan yn dy sektor. De partijen hoopje mei de tentoanstelling 'Waterwonderlab' in nije generaasje waarm te meitsjen foar in baan yn de sektor.

Se sette kommend skoaljier ek útein mei in museum-universiteit. Bern dy't ynteresse hawwe yn wettertechnology kinne hjir kursussen folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)