Feest by iepening provinsjehûs

05 jan 2012 - 17:30

Yn maaie komt der in grut feest by de offisjele iepening fan it nije provinsjehús. Dat hat Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma tongersdei bekend makke yn syn nijjierstaspraak. De iepening moat in feest wurde foar alle Friezen, dêr't taal, kultuer en de takomst sintraal by stean sille.

Syb van der Ploeg hat in spesjaal liet skreaun en de bedoeling is dat der in koar foarme wurdt fan 1500 minsken, gearstald út Fryske koaren. De offisjele iepening fan it provinsjehús is op 22 maaie. Koaren kinne har oanmelde fia de webside fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)