3 ferwûnen by ûngelok Goutum

Op it plak fan it ûngelok wie in rydstrook oerenlang ôfsletten © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trije minsken binne freedtemiddei ferwûne rekke by in botsing tusken trije auto's op de Oeriselsestrjitwei by Goutum. By de stopljochten ried in lytse frachtwein boppe op in auto dy't foar de stopljochten stie te wachtsjen. Dizze auto knalde hjirtroch op syn foarlizzer.
Yn de foarste twa auto's rekken trije minsken ferwûne. De brânwacht hat holpen om ien fan de slachtoffers út de auto te heljen. De ferwûnen binne nei it sikehûs brocht. Fanwege it ûngelok waarden twa rydbanen ôfsletten. Lange files wiene it gefolch.