Kjeld kostet ûndernimmers jild

24 maaie 2013 - 16:39

Lege terrassen, iisko's dy't net ferkocht wurde en skoalreiskes dy't net trochgeane. It kâlde waar fan de ôfrûne tiid hat de minsken yn de besnijing. En dat net allinnich, guon ûndernimmers rinne yntusken in soad jild mis.

Ferline jier wie it yn maaie hast 30 graden, no is it 20 graden kâlder. De measte plakken op de terrassen bliuwe ûnbeset. De waarmte fan de sinne dêr't elkenien op wachtet, moat mei apparaten opwekt wurde. En sa kin it gebeure dat in skoalreiske fan twa dagen nei Bakkefean skrast wurdt fanwege it waar.

Groep 7 fan de iepenbiere basisskoalle de Twirre yn Oerterp bliuwt yn de skoallebanken. Sy sille it skoalreiske no ein juny ynhelje.

Trefwurden: 
jild kjeld kâld waar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)