Melvin de Leeuw nei Skotlân

Melvin de Leeuw stiet op it punt om oer te stappen nei de Skotske Premier League. De 25-jierrige Cambuuroanfaller giet transferfrij oer nei Ross County, dat útkomt op it heechste nivo.
Freed waard der in mûnling akkoart berikt oer in twajierrich kontrakt. 'We vliegen half juni naar Schotland om de handtekening onder het contract te zetten', sa seit de saakwaarnimmer fan De Leeuw. Ross County einige ferline seizoen as fyfde yn de Skotske Premier League.