De Alde Feanen: Europeesk jild

24 maaie 2013 - 14:26
  • Germ van der Burg fan It Fryske Gea oer de plannen

Natuergebiet De Alde Feanen krijt goed 6 miljoen euro subsydzje. 3,2 miljoen komt út Europa. De Europeeske Kommisje hat dat besletten. De provinsje Fryslân, de gemeente Boarnsterhim, It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân en ûndersyksynstitút STOWA stelle ek goed 3 miljoen euro beskikber.

It jild is bedoeld om de wetterkwaliteit, de fariaasje yn plante- en bistesoarten en de befarberheid fan it gebiet te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Alde Feanen Europeesk jild
(advertinsje)