Unk: file by Drachtsterbrêge

24 maaie 2013 - 12:10

Ferkear dat oer de Drachtsterbrêge Ljouwert yn wol, moat rekken hâlde mei opûnthâld. Der hat freed oan de ein fan de moarn in ûngelok by de brêge plakfûn. By it ûngelok wiene twa auto's belutsen, ien ynsittende klaget oer in pynlike nekke.

It ûngelok soarget freed tusken de middei foar in file. Hoe lang dy der noch krekt stean sil is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)