Flylân ôfsletten fan fêste wâl

05 jan 2012 - 17:06

Flylân wie tongersdei even hielendal fan de bûtenwrâld ôfsletten, omdat Doeksen fanwege it minne waar alle fearboaten út de feart nommen hie. Dat betsjut dat minsken net nei it wurk koene. Ek foar de twa supermerken op it eilân hat it gefolgen dat de boaten net farre. Produkten koene net oerbrocht wurde.

Guon toeristen binne woansdei weromgien, oaren hawwe mar in dei oan de fakânsje fêstplakt.

Trefwurden: 
stoarm heechwetter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)