Plysje pakt seis himptelers op

© Omrop Fryslân
Foar it kweken fan himp binne tongersdei yn Harns en Frjentsjer seis minsken oppakt. In man út Dwingeloo (29), in Harnzer (29) en in man fan It Hearrenfean (39) binne oanhâlden yn Frjentsjer. Yn it ûndersyk kaam in bedriuw oan de Jan Staperleane yn byld. Yn twa romten binne mei-inoar tûzen himpplanten fûn.
De planten en in jildbedrach binne yn beslach naam. De stroom waard yllegaal ôftape. Yn in gebou oan de Súdeastsingel yn Harns ûntdutsen plysjes in himpkwekerij yn oanlis. Hjir waarden nochris trije man oanhâlden.
It giet om in man út Sint Jabik (45), in Seisbierrumer (47) en in Ljouwerter (25). Sy wiene dwaande om in nije kwekerij foar tûzenen planten yn te rjochtsjen. Alle apparatuer is yn beslach naam.