Drugsarrestaasjes yn Drachten

De plysje hat tongersdei yn Drachten twa minsken oanhâlden op fertinking fan de hannel yn en it besit fan harddrugs. It giet om in man fan De Harkema (24) en in Grinzer (25). Plysjes seagen in auto riden en de bestjoerder waard steande hâlden. Doe die bliken dat yn de auto in wikkel mei amfetamine lei.
Doe't de fertochten frege waard harren bûsen leech te meitsjen kamen ek noch in pûdsje XTC-pillen en in wikkel mei oare drugs foar it ljocht. Foar de Grinzer wie dat oanlieding om út te naaien. Nei in burgernetaksje koe de man oppakt wurde.
De plysje die dizze twa oanhâldings yn it ramt fan it grutte drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân. Yn it ramt fan dat ûndersyk hat de plysje mei-inoar sa'n 30 minsken oanhâlden. De plysje giet der fanút dat de drugshannel dêrmei wol in grutte slach tabrocht is. It grutte drugsûndersyk wurdt meikoarten ôfsletten. De oanhâlden dealers sille har foar de rjochter ferantwurdzje moatte foar har diede.