Talint Amin tekenet kontrakt

24 maaie 2013 - 09:59

Rewan Amin set freed syn hantekening ûnder in trije-jierrich kontakt by SC Hearrenfean. De 17-jierrige jeugdynternasjonal stie ek yn de konkrete belangstelling fan Arsenal, Anderlecht en PSV.

Amin spilet by de B-junioaren fan SC Hearrenfean, mar makke dit seizoen al syn debút by de beloften. Ek middenfjilder Menno Heerkes sil in kontrakt tekenje by de klup. Heerkes spile it ôfrûne seizoen op amateurbasis by de beloften fan Hearrenfean en tekenet in kontrakt foar ien jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)