Sionsberg wurdt ferboud

24 maaie 2013 - 09:56

Sikehûs de Sionsberg yn Dokkum wurdt de kommende tiid flink ferboud. Dêrby sil in part fan it sikehûs ôfstjitten wurde. It giet om it part dêr't no de polykliniken sitte. De direksje fan de Sionsberg wol de polykliniken oerbringe nei de oare kant fan it sikehûs.

Dat kin om't it tal bêden ynkrompen wurdt en omdat der tenei minder keamers brûkt wurde sille foar de sprekoeren op de polykliniken. It part fan it sikehûs dat leech komt te stean wol de direksje ferhiere. As dat net slagget, dan sil it op termyn sloopt wurde.

De ferbouwing is ûnderdiel fan it grutte besunigingsplan en reorganisaasjeplan by de Sionsberg. Dêrby ferdwine ek 90 banen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)