Jeffrey Gouweleeuw nei AZ

© awfoto.nl
Jeffrey Gouweleeuw spilet takom seizoen by AZ. De Hearrenfean ferdigener tekenet in kontrakt dat him foar fiif jier oan de ploech út Alkmaar ferbynt.
Yn de winterstop hat Gouweleeuw meardere kearen witte litten dat hy Hearrenfean ferlitte woe foar AZ. Mar de sintrale ferdigener mocht doe út sportyf eachpunt net fuort. No giet Hearrenfean wol akkoart, omdat syn kontrakt noch mar ien jier trochrint. Gouweleeuw hat yn totaal sân jier by Hearrenfean fuotballe. By AZ komt Gouweleeuw trainer Gertjan Verbeek wer tsjin.