Pieter-Jan Postma nimt lieding

Mei trije oerwinnings op de tredde dei fan de Delta Lloyd Regatta hat Pieter-Jan Postma de lieding yn de Finn-klasse oernaam. Op 'e Iselmar by Medemblik wie de ynwenner fan Ljouwert net te hâlden. Postma hat no 22 punten. De Amerikaan Caleb Paine is twadde mei 31 punten. De Brit Andrew Mills foel troch in falske start fier werom. Marit Bouwmeester bliuwt yn de Laser Radial tredde. De Wartenster waard fjirde en twa kear tredde. Bouwmeester hat no 21 punten. De Britse Alison Young en de Ierse Annalise Murphy ha 17 punten.