'Achtkarspelen lit jild lizze'

23 maaie 2013 - 18:47

De gemeente Achtkarspelen lit alle jierren hûnderttûzenen euro's op de planke lizze dy't eins nei diken en riolearring moatte soene. It giet om goed 400-tûzen euro foar diken en 300-tûzen foar riolearring. Dat docht bliken út ûndersyk fan de rekkenkeamerkommissje fan Noardeast Fryslân. Neffens de kommissje freget it kolleezje alle jierren om tefolle jild fan de ried en dertroch kin dat jild net útjûn wurde oan oare saken. Ek soene de boargers te folle rioelheffing betelle hawwe. B. en w. is it net iens mei de konklúzje fan de rekkenkeamer.

Neffens harren is it needsaaklik om jild oer te hâlden foar plannen yn de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)