Soad minsken belje wetterskip

It gebou fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert
Wetterskip Fryslân krige tongersdei hûnderten tillefoantsjes fan ferûntrêste Friezen. Sy woene fral wite oft it wetter noch heger komt as op dit stuit. It wetterskip hat tongersdei in callsintrum ynrjochte om eltsenien te wurd te stean.
Nei in ynterne mail kamen der spontaan 60 reaksjes fan meiwurkers fan it wetterskip dy't wol meihelpe woene om de minsken te wurd te stean.
It tillefoannûmer fan it callsintrum is: 058-2922222