Oernachtsje op de mar oan boei

23 maaie 2013 - 17:13

Yn Nasjonaal Park de Alde Feanen by Earnewâld is tongersdei de earste marboei yn gebrûk naam. It is de earste fan de tsien ankerboeien dy't rekreaasjeskip de Marrekrite de kommende dagen delleit. Minsken kinne oan de marboei oanlizze yn stee fan ankerjen. De boei is sa swier makke dat it skip net loskomt.

Yn totaal wurde der dit jier 25 boeien pleatst. Dêrnei wurdt sjoen hoe't it foldien hat. Yn de folgjende faze wurdt it mooglik om fia de telefoan oan de hân fan it nûmer fan de boei ynformaasje op te freegjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)