Kofje oan digitale piknikbank

23 maaie 2013 - 16:46

Yn de Noardlike Fryske Wâlden kin men piknikke en tagelyk fia de tafel de reis planne. Tongersdei is by Stania State yn Oentsjerk de earste fan alve ynteraktive bankjes yn gebrûk nommen. Yn it tafelblêd sitte saneamde QR-koades dy't skend wurde kinne mei de mobile tillefoan. Sa kin ynformaasje opfrege wurde oer aktiviteiten yn it gebiet.

De bankjes binne ûnderdiel fan in projekt dat soargje moat foar ekstra wurkgelegenheid en it moat ekstra toeristen lûke. De bankjes binne hufterproef.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)