Help foar nije bedriuwen

23 maaie 2013 - 16:17

Nije en ynnovative ûndernimmers yn de noardlike provinsjes kinne opnij help krije fan it projektburo Flinc by it opsetten fan in netwurk en it sykjen nei ynvestearders. Flinc ferdwûn twa jier lyn omdat de trije noardlike provinsjes der gjin jild mear yn stekke woenen.

Yn gearwurking mei de noardlike Keamer fan Keaphannel, de NOM, Syntens en de trije provinsjes is it inisjatyf nij libben ynblaasd. It kontrakt is tongersdei yn Grins ûndertekene.

Neffens projektlieder Maarten Goddijn is Flinc û.o. nedich omdat banken risikofinansiering út de wei geane. Sûnt de ynformele start yn maart binne der al wer 90 bedriuwen yn byld dy't mooglik gebrûk meitsje sille fan Flinc.

Trefwurden: 
NOM ûndernimmers Flinc Syntens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)