Fakbûn: mear tiid foar kranten

23 maaie 2013 - 13:29

De direksje fan deiblêdebedriuw NDC moat mear tiid nimme foar de oankundige reorganisaasje. Dat seit Tom Gibcus fan sjoernalistefakbûn NVJ.

De direksje fan Ljouwerter Krante en Dagblad van het Noorden makke woansdei bekend dat der op koarte termyn 250 banen by it bedriuw ferdwine. De direksje wol de minsken dy't der út moatte hjir foar 1 july oer ynformearje. De NVJ betwifelet oft dat wol sa fluch kin, want de ûndernimmingsried moat noch grien ljocht jaan foar de reorganisaasje.

Ek is der noch gjin oerienstimming tusken direksje en fakbûnen oer it sosjaal plan. De ûnderhannelings oer it sosjaal plan begjinne tongersdeitemiddei yn Drachten. Gibcus hat wol begrip foar de reorganisaasje sels. Hy fynt it fral belangryk dat der in goeie lange termynfyzje foar it bedriuw komt mei omtinken foar de sjoernalistike kwaliteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)