Mear Fryske bern mishannele

23 maaie 2013 - 11:45

It tal bernemishannelings binnen it gesin is yn 2012 yn Fryslân wer tanommen. By Jeugdzorg Friesland kamen leafst 758 helpfragen binnen, 170 mear as it jier dêrfoar. Yn it jierrapport neamt ek Jeugdzorg Friesland dizze stiging boppe ferwachting. Benammen it tal meldings fan lichaamlike ferwaarloazing lei 100 heger. Fan lichaamlike ferwaarloazing is sprake as bern te min of gjin sûn iten krije.

Yn 2012 wiene 52 klachten oer Jeugdzorg Friesland, fiif waarden terjochte ferklearre. Njoggen klachten oer it funksjonearjen fan de helpferliening wurde dit jier behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)