Better kontakt mei Kollumerlân

Telefoan © ANP
De gemeente Kollumerlân sil it kontakt mei ynwenners en bedriuwen ferbetterje. Direkte oanlieding binne de útkomsten fan in ûndersyk fan de Keamer fan Keaphannel nei de gemeentlike tsjinstferliening. Kollumerlân skoarde dêryn min, foaral op it mêd fan telefoanyske berikberheid en de kwaliteit fan de petearen.
De meiwurkers wiene wol freonlik en saakkundich genôch. It gemeentebestjoer fynt de skoare hiel ferfelend, mar giet der fanút dat se der fan leare moatte.