Westra wis fan dielname Tour

Lieuwe Westra
Hurdfytser Lieuwe Westra mei him opnij opmeitsje foar dielname oan de Tour de France. As hy gjin blessueres oprint wurdt it de tredde kear dat hy meidocht oan de grutste wedstriid fan it jier. As tarieding sil hy ûnder oaren it tiidritparkoers fan de Tour ferkenne en rydt hy it Critérium du Dauphiné. Dêrnei folget de ZLM-tour en twa NK's, wêrnei't Westra ôfreizget nei Frankryk.
Westra: 'Ik kin no earst in wike bykomme fan de Ronde fan Kalifornië. Dat ha ik ek wol even nedich want ik bin aardich wurch.' De Tour de France begjint op 29 juny.