Henk de Jong net nei ONB

Henk de Jong © Omrop Fryslân
Net Cambuur trainer Henk de Jong mar Carlo Rietdijk wurdt de nije trainer fan ONB út Drachten.
De Jong soe tegearre mei syn broer René de twaddeklasser traine, mar kin it net kombineare mei syn wurksumheden by SC Cambuur. Boppedat is hy krektlyn talitten ta de kursus betelle fuotbal. Henk de Jong krijt wol in adviseursfunksje by ONB. De nije trainer, de 28-jierrige Carlo Rietdijk, hat yn it ferline trainer west fan ferskate jeugdteams by Cambuur en by FC Grins.