Gjin ferslaafden op De Tunen

Der komt gjin opfang foar drugsferslaafden oan De Tunen yn Ljouwert. In mearderheid fan de gemeenteried is dêr op tsjin. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders woe de drugsopfang ûnderbringe by de opfang fan dakleazen oan de Tunen. Mar omwenners en ûndernimmers ha har bot ferset tsjin dy plannen. Sy binne benaud foar grutte oerlêst, sa't dy der yn it ferline ek west hat, doe't beide groepen opfongen waarden op ien lokaasje.
De mearderheid fan de ried sjocht mear yn in kombinearre opfang op in lokaasje yn de Wurdumerpoarte. It kolleezje sil no ûndersykje oft dat mooglik is.