'Garânsje nedich foar de bou'

22 maaie 2013 - 20:52

It provinsjale NUON jild moat ynsetten wurde as garânsjejild foar partikuliere inisjativen lykas de bou fan mear studintehúsfesting yn Ljouwert, mar ek it kompleet útfieren fan de plannen fan Thialf ynklusyf twadde baan. Dat sei direkteur Henk Dedden fan de Friso Bouwgroep by de start fan de bou fan in wentoer mei plak foar 100 studinten as ûnderdiel fan de saneamde Kenniskampus.

De partikuliere opdrachtjouwer en Friso wolle noch in twadde en tredde wentoer bouwe, mar dêrfoar is neffens Dedden provinsjale help nedich.

As de provinsje garant stean wol, bygelyks troch de ynset fan de NUON-jilden, gean dy plannen troch. Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert sei ta dizze opsje te ûndersykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)