Delegaasje út Kongo nei Harns

22 maaie 2013 - 16:48

De Maritieme Academie Harlingen krijt tongersdei in delegaasje út Kongo op besite. Doel is om in binnenfeartskoalle yn Kinshasa op te setten. Tagelyk wolle de Kongolezen lid wurde fan EDINNA, de feriening fan Europeeske binnenfeart-ynstituten. Arjen Mintjes is dêr foarsitter en oprjochter fan. Mintjes is ek direkteur fan de akademy yn Harns en sil besjen oft Harns wat betsjutte kin by it opsetten fan de skoalle yn Kongo.

Trefwurden: 
Maritieme Academie Kongo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)