Fries Museum krijt bydrage

De provinsje jout ien kear in bydrage fan 750.000 euro foar it Fries Museum. Dat seit deputearre Jannewietske de Vries. It museum hat dat jild nedich fanwege in grutte reorganisaasje. In tredde part fan it personiel krijt dêrby dien. Sûnder dy reorganisaasje soe it museum djip yn de finansjele problemen komme.
It is net de bedoeling dat it museum in strukturele bydrage fan tonnen ekstra krijt.