Van Wijnen jout minsken dien

22 maaie 2013 - 14:30

Boubedriuw Van Wijnen jout fyftjin wurknimmers op 'e Gordyk dien, sûnder sosjaal plan. Ek by Van Wijnen yn Grins reitsje trettjin minsken har baan kwyt. Neffens it fakbûn FNV wegeret de direksje fan Van Wijnen om in sosjaal plan ôf te praten mei it fakbûn.

Op 'e Gordyk krigen de fyftjin wurknimmers fan de ien op de oare dei ûntslach oansein. Neffens de FNV binne de wurknimmers oerfallen mei it minne nijs en is der net kommunisearre troch it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)