Reorganisaasjeplan NDC bekend

22 maaie 2013 - 14:10

De Noordelijke Dagblad Combinatie hâldt syn hûs-oan-hûsblêden. Wol wurde, lykas ferwachte, 250 banen fan de 750 skrast. Dat hat it personiel fan de NDC woansdei te hearren krigen yn it kongressintrum yn Drachten. Dêr is it personiel bypraat oer de oansteande reorganisaasje. Neffens de nije direkteur Geert Jan van der Snoek dûkt de útjouwerij fan de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden dit jier djip yn de reade sifers. Der is dêrom net folle jild foar in sosjaal plan.

De NDC hâldt op mei de webshop en ferkeapet de útjouwerij.

Foar it personiel fan de NDC Mediagroep is noch in soad ûndúdlik, lykas wêr't de sintrale redaksje komt en wa't de nije haadredakteur wurdt. Fan de 250 banen dy't skrast wurde, ferdwine 40 banen op de redaksjes fan beide kranten. It is net bekend makke om watfoar meiwurkers it giet. Meielkoar wurkje der goed 200 redakteuren. Foar 1 july sille de minsken dy't har baan ferlieze dat te hearren krije. Takom jier simmer moat de folsleine reorganisaasje klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)