Strjitfestival by Fries Museum

22 maaie 2013 - 13:18
  • Strjitfestival by Fries Museum
  • Harkje nei de bydrage

It haadpoadium fan it Fries Straatfestival is dit jier net by de Aldehou. De organisaasje hat keazen foar it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Dat plein by it Fries Museum is mear sluten en dêrom geselliger neffens de organisaasje. Ien fan de grutte acts op dat plein is de Frânske dûnsgroep Retouramont. Sy sweve oan touwen tusken de gebouwen op it plein. Freedtejûn begjint it festival. It duorret oant en mei snein. Mei elkoar is der mear as 100 oeren muzyk en toaniel te sjen.

(advertinsje)