Provinsjale dyk moat feiliger

22 maaie 2013 - 12:30

Pleatslik Belang Koatstertille wol neist de oanlis fan 'stil asfalt' ek dat by de provinsjale dyk tusken Twizel en Droegeham de al taseine ferkearsfeilichheidmaatregels komme. Lykas feilige oerstekplakken en de oanlis fan in sutelwei.

De provinsje hat oankondige de kommende jierren in grut tal provinsjale diken oanpakke te wollen om de lûdsoerlêst te ferminderjen, ûnder oare op de N369. Dat wurdt dien troch stil asfalt oan te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)