Noed oer ammoniakútstjit

22 maaie 2013 - 12:06

De Algemiene Rekkenkeamer is benaud dat it ôfskaffen fan de Europeeske molkkwota soargje sil foar mear ammoniakútstjit. Dat stiet yn in rapport. Tefolle ammoniak yn de loft is skealik foar de biodiversiteit. Guon beskerme plantesoarten en seldsume poddestuollen soene ferdwine kinne.

De Europeeske molkkwota geane der yn 2015 ôf. Ferskate melkfeehâlders wolle dêrom no al gruttere stâlen bouwe. De Rekkenkeamer advisearret it regear dêrom om de regels foar de ammoniakútstjit oan te skerpjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)