Nije rioelwettersuvering

22 maaie 2013 - 11:04

Yn Wolvegea en Warkum komme nije rioelwettersuveringsynstallaasjes. Wetterskip Fryslân wol de ynstallaasjes oanpasse sadat se aanst wer foldogge oan de hjoeddeistige easken foar rook, lûd, wetterkwaliteit en feiligens. De âlde ynstallaasjes binne yn de jierren '70 boud. De wurksumheden moatte ein 2015 klear wêze. De fernijing kostet mei-inoar sa'n 15 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)