Duo stelt tsjillen fan auto
Twa Snitsers fan 22 en 17 jier binne tiisdeitenacht op It Hearrenfean oanhâlden doe't se dwaande wienen mei it stellen fan tsjillen fan in auto op de Munt. In tsjûge hie de plysje belle. Dy koe it duo letter oanhâlde. Yn har auto lei it stellen tsjil en ark dat se nei alle gedachten brûkt ha.