Vuelta yn 2015 net nei Fryslân

21 maaie 2013 - 22:56

De Vuelta, de Ronde fan Spanje foar hurdfytsers, komt yn 2015 net nei Fryslân ta. Dat ha de belutsen gemeenten en de provinsje tiisdei te hearren krigen. Der soe yn Fryslân in etappe komme lâns de Fryske alve stêden. Fierders soene der noch fjouwer etappes yn Nederlân holden wurde. Dy gean foarearst ek net troch. De organisaasje fan de Vuelta, de ASO, is ek eigener fan de Tour de France. Der binne plannen om dy yn 2015 yn Utert starte te litten. Mooglik hat dat te krijen mei it skrassen fan de Vuelta yn Nederlân.

De komst fan de Vuelta soe Fryslân sa'n 8,5 ton kostje.

Trefwurden: 
hurdfytsen Vuelta Spanje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)