Binnenstêd Ljouwert griener

21 maaie 2013 - 21:53

Om de binnenstêd fan Ljouwert griener en mear oantreklik te meitsjen wurde op dit stuit sa'n fyftich griene ideeën útfierd, dy't oandroegen binne troch it wykpanel Binnenstêd. Sa is der bygelyks in huningbeam plante oan de Skoalstjitte en in olivebeam yn de Torenstrjitte. Dizze wike wurdt ûnder oaren noch mear grien oanbrocht by it Blokhúsplein en by de popbunker oan de Grienewei. Doel fan dit alles is in sûnere stêd foar minsk en bist.

Trefwurden: 
grien olivebeam huningbeam
(advertinsje)